Hamburgergigant McDonald's makket reklamefilmke op Skylge

20 jun 2018 - 22:38

Steatsboskbehear Skylge hat meiwurke oan in reklamefilmke fan McDonald's, dat in moanne lyn opnaam is op it eilân. Yn it spotsje fan de grutte fastfoodketen liket it derop dat der in lyts restaurant midden yn de dunen komt.

Yn de reklame is in húshâlding te sjen dy't op Skylge komt. De fastfoodketen bringt mei in frachtwein en in boat in lyts restaurant nei de famylje ta.

Foto: Screenshot YouTube McDonald's Nederland

Tastimming

Steatsboskbehear hat tastimming jûn foar de opnamen fan de reklame. Der is lykwols keazen foar in lokaasje dêr't der sa min mooglik skea ûntstean koe oan de natuer. "We hebben gekeken naar een getoetste locatie binnen bepaalde voorwaarden waar we aan hechten," seit Remi Hougee fan Steatsboskbehear.

"Wat meegeholpen heeft aan onze medewerking voor de reclame is de bijdrage die het bedrijf wilde leveren aan de natuur op het eiland", seit Hougee.

Foto: Screenshot YouTube McDonald's Nederland

Gjin restaurant

Dúdlik is wol dat Steatsboskbehear net ha wol dat der in tydlik restaurant op terrein fan de natuerbehearder komt. "Voor deze keer is hebben we een uitzondering gemaakt. We hebben goed gekeken naar wat de opnames betekenden voor zowel de natuur als de recreant en dat getoetst."

De gemeente Skylge wie op 'e hichte fan de opnamen fan it fastfoodbedriuw. Sy seagen gjin problemen, sa lit wurdfierder Marjolein Izeboud witte.

Foto: Screenshot YouTube McDonald's Nederland

Natuer

Neffens de hamburgergigant hoege minsken net benaud te wêzen dat de natuer lêst hân hat fan de opnamen. "We kunnen verzekeren dat wij alles in goed overleg met de gemeentes en andere stakeholders hebben ontwikkeld, de nodige maatregelen per locatie treffen en alle benodigde vergunningen hebben aangevraagd en gekregen om het restaurant te bouwen en ergens te laten staan", seit Annemiek Hollander fan de fastfoodketen.

"Je mag van een bedrijf als McDonald's verwachten dat wij er daarnaast alles aan doen om overlast en impact op het milieu tot een minimum te beperken. En net als bij onze restaurants, zorgen we ervoor dat we de omgeving weer netjes achterlaten."

Trefwurden: 
Skylge Mc Donald's
(advertinsje)