Neier ûndersyk nei helberheid farwei Drachten

20 jun 2018 - 22:14

Provinsjale Steaten wolle in neier ûndersyk nei de helberheid fan in nije farwei nei Drachten ta. Allinne in farwei foar de ûndernimmers yn Drachten kin yn alle gefallen lang net út. Yn it ûndersyk sille ek de kânsen foar bygelyks rekreaasje en wetteropslach meinommen wurde moatte. Provinsjale Steaten folgje dêrmei de lijn fan it kolleezje fan Deputearre Steaten.

Net elke partij kiest foar in neier ûndersyk. CDA, PVV, PvdD, 50Plus en D66 wolle foar de boeren op de Hege Warren en de bedriuwen yn Drachten gau dúdlikens skeppe. Se wolle in streek sette ûnder de komst fan in nije farwei. Ekstra ûndersyk smyt allinne mar langer ûnwissichheid op, seit steatelid Rendert Algra fan it CDA.

Deputearre Poepjes oer de farwei

Steatelid Algra oer de farwei

Prinses Margrietkanaal - Foto: Hans Molema

Prinses Margrietkanaal

De partijen yn Provinsjale Steaten hawwe it ek oer in goeie farferbining fan it Prinses Margrietkanaal nei It Hearrenfean hân. Troch mooglik de Meinesleat troch te lûken, soene de grutte binnenfeartskippen en de plezierjacht elkoar net yn it paad sitte by Terherne. Dêrfoar moat in soad jild op it kleed komme.

De gemeente It Hearrenfean hie earder al oanjûn dêrfoar nei oplossingen te sjen. Dy kâns krijt it gemeentebestjoer no. Deputearre Poepjes seit wol, dat der in grutte priiskaart hinget oan it trochfarren troch de Meinesleat.

(advertinsje)
(advertinsje)