Eigener kafee Prins nei rjochter om sluting foar te kommen

De eigener fan kafee Prins yn Kollumersweach wol mei in koart pleit foarkomme dat it kafee in heal jier ticht moat. Sy lizze de saak tongersdei fia in spoedproseduere foar oan de foarsjenningerjochter.
© Omrop Fryslân
Neffens de gemeente wurdt der yn it kafee alkohol skonken oan minderjierrigen en wurde der drugs ferhannele. De ûndernimmer is neffens de gemeente meardere kearen wiisd op syn ferantwurdlikheid foar it hâlden fan tafersjoch en it bieden fan feiligens oan de, faak minderjierrige, besikers.
Neffens eigener Melle Prins kloppet de saak fan gjin kant. Hy is it absolút net iens mei de maatregel. Freed moat it kafee ticht, mar dat wol Prins mei in rjochtsaak foar wêze.