Byienkomst Cambuursupporters by stedhûs lûkt sa'n 150 fans

20 jun 2018 - 20:54

Sa'n 150 fans fan SC Cambuur binne woansdeitejûn nei it stedhûs kaam yn Ljouwert. Dêr hawwe de supporters oan de polityk dúdlik makke dat der neffens harren mar ien opsje is: dat nije stadion by it WTC-kompleks yn Ljouwert moat der komme.

Cambuursupporters by it stedhûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

Zonder de komst van een nieuw stadion is het niet de vraag óf Cambuur failliet gaat, maar wanneer.

Cambuurfans yn in brief nei de belutsen partijen

Wethâlder Henk Deinum en boargemaster Ferd Crone sprutsen de fans ta. Ek spruts in wurdfierder fan de trije supportersklups har soargen út oan de gemeenteriedsleden. Tagelyk is der in brief opsteld, dy't ferstjoerd is nei Henk Deinum, Jan Anker fan it WTC-kompleks, en de beide partijen út de stadionûntwikkelingskombinaasje: bougroep Dijkstra Draisma en Wijckerveste. "Zonder de komst van een nieuw stadion is het niet de vraag óf Cambuur failliet gaat, maar wanneer", falt dêryn te lêzen.

Boargemaster Ferd Crone sprekt de Cambuursupporters ta - Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

Opliedingssintrum ROC Friese Poort soe ien fan de gruttere hierders wurde kinne yn it nije stadion fan Cambuur. De skoallemienskip wol allinne wol foar 1 july dúdlikheid hawwe oer oft de plannen wol of net trochgean. As dy dúdlikheid der net is, lûke se har mooglik werom. Friese Poort sit nammentlik mei te min romte en kin net folle langer wachtsje. As Friese Poort him werom lûkt, soe dat in bom betsjutte ûnder de stadionplannen.

Fans fan Cambuur meitsje har soargen oer de komst fan it nije stadion - Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

Deadline

Neffens ferantwurdlik wethâlder Henk Deinum is de deadline fan 1 july, dy't Friese Poort steld hat, net sá hurd. "It komt net op in dei oan. Mar 1 july is wol de rjochtdatum, wêrop't we in slach meitsje wolle", fertelt Deinum, dy't de soargen fan de Cambuurfans goed begripe kin. Gerêststelle kin de Ljouwerter wethâlder se allinne net. "It binne pittige ûnderhannelingen, dy't noch alle kanten út kinne. It is dreech om al dizze partijen goed op ien lijn te krijen. Mar ik bin hoopfol. De partijen sitte der op dit momint redelijk posityf yn."

(advertinsje)