Ljouwert stiet wiidweidich stil by Dei fan de Flechtling

Op de ynternasjonale Dei fan de Flechtling is woansdei ek yn Ljouwert wiidweidich stilstien by de posysje fan flechtlingen yn de wrâld en yn it bysûnder yn ús eigen provinsje.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Ferslachjouwer Simone Scheffer wie yn de Blokhúspoarte (1)
Yn de Blokhúspoarte wie middeis in hiel programma oer flechtlingen, mei lêzingen, workshops en keunst. Der waard wurke oan in skilderij dat oan de ein fan de middei oanbean is oan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Ferslachjouwer Simone Scheffer wie yn de Blokhúspoarte (2)
Neffens Crone is de Dei fan de Flechtling hiel wichtich. "Er zijn nog heel veel vluchtelingen die hier nog een plekje zoeken." Dêrom moat de help oan flechtlingen yn Ljouwert opskaald wurde, seit de boargemaster. "Het allerbelangrijkste is dat mensen een contactpersoon hebben, een buurman of een vriend, en dat ze zien dat we hier samen met elkaar leven. Dan krijg je ook snelle integratie en voegen mensen ook heel veel toe aan de samenleving."
De Dei fan de Flechtling is yn 2001 yn it libben roppen, presys 50 jier neidat de VN it flechtlingeferdrach oannaam hawwe.