LIVE: Earste wedstriid op nije fierljepskâns yn Burgum

20 jun 2018 - 18:55

It hat wat langer duorre as de planning, mar woansdeitejûn wurdt lang om let de foar it earst in earste klassewedstriid ljept op de nagelnije skâns yn Burgum. En dat is ek fuortendaliks de earste test foar it NK dat op 1 septimber yn Burgum hâlden wurdt. De ferwachtingen binne heech mei de nije fierljepskâns.

Foar de konstruksje fan de Burgumer skâns hat de klup goed sjoen nei de 'Hollânske' skânsen, lykas dy yn Zegveld yn de provinsje Utrecht. Hjir waard oant no ta it fierste ljept. It Nederlânske rekôr, stiet op 22,21 meter en is yn hannen fan Jaco de Groot. De foartekens binne goed, sa seit sportferslachjouwer Freark Wijma: "Tiisdeitejûn ljepte de twadde klasse yn Burgum. Allinne al by de jonkjes waarden der 16 nije pr's sprongen. Dat seit wol wat."

It fierljeppen yn Burgum is streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân fia in livestream. De wedstriid begjint om 19.00 oere.

Trefwurden: 
fierljeppen Burgum
(advertinsje)