Skroathanneler bot skrokken fan oanhâldingen yn sektor

20 jun 2018 - 17:37

Fryske skroathannelers binne bot skrokken fan it nijs dat fjouwer hannelers oanholden binne omdat se minsken mei opsetsin bleatsteld hawwe oan radio-aktive strieling. Dêr sitte ek twa Friezen by. Se soene mei mekoar 25 ton oan radio-aktive ballêstblokken te keap oanbean ha.

Eigener Binne Reitsma fan hannelsûndernimming Reitsma yn Koatstertille seit dat it nijs hurd oankomt yn de sektor. "It is in lytse dreun, we krije sa in min imago en wurde yn in hoeke treaun as krimineel. Wy ha in deteksjepoarte om soks net op it terrein te krijen, mar net elk hat sa'n ding."

By syn bedriuw is alles skjin, mar praatsjes binne der al gau. Hy krige al appkes mei de fraach oft er der wat mei te krijen hie. "Elk soe sa'n poarte ha moatte, mar dy dingen binne smoardjoer. Eins moat de steat soks ferplichtsje en ek betelje. It kostet in hap omset om soks del te setten."

Binne Reitsma fan Koatstertille

(advertinsje)