Rapport: Reekwolk REC hat gjin gefaar foarme foar omwenners

20 jun 2018 - 17:09

By de steuring by de ôffaloven yn Harns op 31 maaie fan dit jier hat gjin gefaar west foar omwenners en wurknimmers yn de buert. Dat seit Omrin op grûn fan in rapport fan yngenieursburo Arcadis.

De ôffaloven yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

By de steuring kamen stikstofoksiden, swaveldiokside en sâltsoer frij. Arcadis seit ek dat soks yn de buert te fernimmen wie, mar de konsintraasjes dêrfan bleaune binnen de jildende grinswearden. Omrin joech nei it ynsidint opdracht om ûndersyk te dwaan.

Omrin seit yn in reaksje dat it spitich is dat der in steuring west hat, mar ek dat net foarkommen wurde kin dat der saken misgean. De ôffalferwurker wiist der op dat der ferline jier fjouwer steuringsoeren wiene, wylst de limyt yn de fergunning 60 oeren binne. De problemen yn de ôffaloven ûntstiene nei in lekkaazje yn de tsjettel.

It kolleezje fan B&W fan Harns hie easke dat der foar 21 juny dúdlikheid komme soe oer wat foar stoffen der by it ynsidint yn de loft kaam wiene.

Trefwurden: 
Harns REC Omrin Arcadis reek
(advertinsje)