Trije Fryske mûnen krije jild foar restauraasje

20 jun 2018 - 16:33

Ek trije Fryske mûnen diele mei yn de ekstra sinten dy't minister Van Engelshoven begjin dizze moanne beskikber steld hat foar it opknappen fan mûnen. Mei-elkoar giet it om in bedrach fan goed trije miljoen euro.

Dêrfan giet 112.000 euro nei de Miedenmolen by Holwert. Foar De Hond yn Peazens is goed 122.000 beskikber. Fierder is der ek in bedrach fan goed 87.000 euro foar mûne De Phenix yn Nes op It Amelân.

Betingst is wol dat de eigeners noch dit jier mei de restauraasje fan har mûne begjinne. Fierder hat de minister bepaald dat der wol in dúdlike boukundige needsaak wêze moast om te begjinnen mei in restauraasje.

Trefwurden: 
Holwert mûne Peazens Nes
(advertinsje)