Achtkarspelen hat beswier tsjin trochsetten gaswinning by De Harkema

De gemeenteried fan Achtkarspelen hat woansdei yn Den Haag protest oantekene tsjin in ferlinging fan de gaswinning by De Harkema.
Ut namme fan de gemeenteried wiene Tjibbe Brinkman en Sake van der Meer nei it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat reizge om te pleitsjen foar in fossylfrije gemeente. Ek in meiwurker fan de gemeente Achtkarspelen makke diel út fan de delegaasje.
Op it departemint wie in harksit, dêr't ûnder oare de NAM by wie. As it oan it ministearje leit, giet de gaswinning by De Harkema noch 6 jier troch (oant 2024). De gemeenteried fynt it net passend, om fierder te gean mei gaswinning, no't de enerzjytransysje oeral heech op de aginda stiet. Op inisjatyf fan de FNP-fraksje hat de gemeenteried yn maart in moasje oannommen, tsjin ferlinging fan de gaswinning.
De gaswinning yn De Harkema is yn 2010 begûn.