Doeksen skoart boppe de noarm mei punktualiteit feartsjinsten

20 jun 2018 - 15:42

De feartsjinsten fan Rederij Doeksen tusken Harns en Skylge en Harns en Flylân hawwe ferline jier rom foldien oan de noarmen dy't mei de oerheid ôfpraat binne oer it oantal fertragingen. Op syn minst 95 prosint fan de ôffearten moat op tiid fuortgean. Doeksen skoarde dêr ferline jier fier boppe, mei 99,4 prosint op de line Skylge en 99,8 prosint op de ferbining fan en nei Flylân.

De ôffearten dy't fertraging oprûnen troch oermacht, binne net meirekkene. Under oermacht falt bygelyks swiere stoarm, ekstreem leech wetter of swiere iisgong. Rederij Doeksen is grutsk op de resultaten en hopet dy dit jier wer te heljen of mooglik sels te ferbetterjen.

Sneltsjinst de Koegelwieck - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
(advertinsje)
(advertinsje)