Ynskriuwen foar Grut Frysk Diktee is noch mooglik

20 jun 2018 - 15:08

Min waar hat derfoar soarge dat it Grut Frysk Diktee ferpleatst is fan 21 juny nei woansdei 27 juny. Minsken dy't earder net yn 'e gelegenheid wiene om mei te dwaan, krije no de kâns om dat op 27 juny wol te dwaan.

Ynskriuwe is noch mooglik oant en mei snein 24 juny fia www.fryskdiktee.frl. Minsken dy't har al ynskreaun hienen foar 21 juny hoege dat net opnij te dwaan. Der wie al in rekôrtal fan 680 dielnimmers.

Hindrik Sijens fan de organisaasje fynt it in logyske kar om de ynskriuwing wer te iepenjen: "Wy krigen in soad fragen fan minsken oft se noch meidwaan mochten. Wy fine it as organisaasje moai om harren noch in kâns te jaan, dêrom hawwe wy it ynskriuwformulier wer online set."

It Grut Frysk Diktee wurdt hâlden op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. De tekst wurdt skreaun troch Welmoed Sijtsma.

Omrop Fryslân stjoert it Grut Frysk Diktee live út op telefyzje en online.

(advertinsje)
(advertinsje)