Akwadukt Skarster Rien kin goedkeaper oanlein wurde

20 jun 2018 - 14:58

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol fan deputearre Sietske Poepjes witte as se der by de minister op oantrúnje sil dat it akwadukt yn de A6 ûnder de Skarster Rien der rap komt, no't út nije berekkeningen bliken docht dat it akwadukt folle goedkeaper makke wurde kin.

Ut dy berekkeningen fan it yngenieursburo Witteveen en Bos fan It Hearrenfean docht bliken dat de oanlis fan it akwadukt minstens 10 miljoen euro goedkeaper kin as de 50 miljoen euro dêr't Rykswettersteat fan út giet.

Yn 2012 wie der oerienstimming tusken it Ryk en de regio dat it akwadukt der komme soe. It soe tagelyk mei de oanlis fan it nije knooppunt by De Jouwer oanlein wurde. Fanwege besunigingen is dat doe skrast.

Rykswettersteat wol de hjoeddeistige brêge no foar 20 miljoen euro opwurdearje. Neffens de ChristenUnie kin dy 20 miljoen euro better brûkt wurde foar de oanlis fan in goedkeaper akwadukt.

(advertinsje)