Learlingen fan fjouwer basisskoallen swaaie skries út

20 jun 2018 - 14:45

De bern fan fjouwer basisskoallen ha woansdei de skries útswaaid. Dat dienen se by it spesjale útswaaimomint yn in sintraal stik greide tusken de fjouwer skoallen. De bern hawwe twa jier lang it projekt Greidhoeke goes Onderwijs (GGO) folge. Binnen it projekt wurdt ûndersyk dien nei de skries en syn omjouwing.

Wylst de skries no noch by ús yn Fryslân is, sil dizze fûgel aanst wer op reis nei it suden. In moai momint om de skries op in ludike wize út te swaaien en werom te sjen op alle GGO aktiviteiten. Foar it útswaaimomint wie der romte foar beweging en muzyk. Aktiviteiten dy't de bern sels betocht hawwe en dat allegeare yn de natoer.

De skoalbern hawwe foarich jier al in ferske makke oer de skries, yn gearwurking mei de band WIEBE. Artiest Wiebe Kaspers en drummer Daan Slagter wienen ek by it útswaaimomint om it ferske mei de bern te sjongen. It nûmer kaam as heechste nije nûmer yn de Fryske Top 100.

Greidhoeke - Foto: Omrop Fryslân

Greidhoeke goes Onderwijs is in twajierrich ûnderwiisprojekt dêr't learlingen fan de basisskoalle foarmen fan ûndersykjend yn leare ta te passen mei de skries as metafoar. De skries is in fûgel dy't in soad foarkomt yn de Greidhoeke, al leare de bern ek dat it net sa goed giet mei de skries. Learlingen folgje de reis fan de skries nei Fryslân en werom. Derby ûndersykje de bern net allinnich syn libbensomjouwing, mar ek it ferskaat yn natuer en kultuer.

Greihoeke goes Onderwijs is in projekt fan de fjouwer basisskoallen fan Gearhing Onderwijsteam 7: De Romte te Itens, De Opslach yn Wommels, De Stjelp te Baard en It Bynt yn Winsum.

(advertinsje)