Winkels yn Drachten meie tenei altyd iepen wêze

Op nijjiersdei, earste krystdei of mei Peaske winkelje? It makket yn Drachten net mear út. Winkels meie dêr no altyd iepen.
Winkels yn Drachten meie tenei altyd iepen wêze
Dat hat de gemeenteried tiisdeitejûn besletten. It is hiel wat oars foar de Drachtster úndernimmers, want dêr hat oant no ta noch nea in keapsnein west. Drachten hat no de romste winkeltideregeljouwing fan hiel Nederlân. Op 1 july is de earste keapsnein yn Drachten.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Bauke Deelstra praat mei Drachtster ûndernimmers