Utspraak yn heger berop dongsilodrama Makkingea is selde as eask

20 jun 2018 - 13:46

De útspraak yn de heger beropssaak fan it dongsilodrama yn Makkingea is gelyk oan de eask: de fertochte hat woansdei 240 oeren wurkstraf en ien jier sel ûnder betingst oplein krigen. Ek moat it bedriuw 100.000 euro betelje.

Dat is deselde straf dy't de rjochtbank de eigener fan it skjinmakbedriuw earder al oplein hie. Neffens de advokaat-generaal kin it drama fan 19 juny 2013 folslein taskreaun wurde oan de fertochte. De situaasje wie libbensgefaarlik, en it materiaal, de ynstruksje en it tafersjoch ûnfoldwaande. De fertochte gie yn heger berop om't er de feroardieling fan de rjochter net terjochte fûn.

De ferdigening easke frijspraak. Neffens advokaat Van der Goot is it ûngelok feroarsake omdat de boer it ferbeane spuiwetter brûkt hat yn de silo.

It gerjochtshof yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

By it ûngelok kamen trije minsken om it libben, de soan fan de eigener fan de dongsilo en twa wurknimmers fan it skjinmakbedriuw. De trije wiene yn de dongsilo oan it skjinmeitsjen, mar rekken út de tiid troch de oanwêzige gassen. Doe't de helptsjinsten oankamen, wie it al te let. De trije deadlike slachtoffers wiene 26, 29, 42 jier en kamen fan De Jouwer en Nijlân.

(advertinsje)