Waddengoud foar Noordwester

04 nov 2011 - 12:33
Foto: Omrop Fryslân

Ynformaasjesintrum De Noordwester op Flylân hat as earste museum it Waddengoud-predikaat krigen. Waddengoud is in keurmerk foar produkten of tsjinsten yn it waadgebiet.

Earder krigen op Flylân de Cranberry Company en restaurant De Dining it keurmerk. De offisjele útrikking oan de Noordwester is tiisdei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)