Deputearre Sietske Poepjes: "Provinsje is taalskipper foar it Frysk"

Fryske gemeenten ha net yn alle gefallen de ekspertize of de tiid om goed mei de Fryske taal om te gean rjochting harren ynwenners. Dat is de reden dat de provinsje harren finansjeel temjitte komt.
Dat sei deputearre Sietske Poepjes woansdei yn Provinsjale Steaten nei fragen fan de VVD. Dy partij woe opheldering fan de rol as 'suikeroom' fan de provinsje. Deputearre Poepjes seit as 'taalskipper foar it Frysk' te operearjen. Guon gemeenten ha krekt in weryndieling meimakke en misse dêrtroch de tiid. Oaren ha net genôch saakkundigen yn hûs. De provinsje hat 450.000 euro foar de gemeenten beskikber steld.
Op it stuit ha de gemeenten Hearrenfean (13.500 euro), Smellingerlân (15.000 euro) en Achtkarspelen (40.000 euro) foar it meitsjen fan belied oer de Fryske taal krigen.