Minister Malta wegeret kontakt oer fermoarde sjoernaliste

20 jun 2018 - 12:29

De minister fan Kultuer op Malta reagearret net langer op berjochten fan deputearre Sietske Poepjes om te praten oer de ûntstiene politike kommoasje oangeande de fermoarde ûndersykssjoernaliste Daphne Caruana Galizia op Malta.

Poepjes sei dat woansdei yn Provinsjale Steaten nei fragen fan D66. Se hat op Keningsdei fan dit jier belle mei minister Owen Bonnici fan Kultuer op Malta. Doe hat se him útnûge om nei Fryslân ta te kommen om oer de kwestje te praten en út te lizzen hoe't Fryske bestjoerders nei de moderne demokrasy sjogge. Njonken in offisjele útnûging hat Poepjes tiisdei op 'e nij in sms stjoerd, dêr't gjin antwurd op kaam. "Dat falt it kolleezje ôf", seit Poepjes.

Deputearre Sietske Poepjes

De politike kommoasje ûntstie nei't de lieding fan Valletta 2018, de oare Kulturele Haadstêd fan Europa dit jier, oer denigrearjende opmerkingen makke oer de fermoarde ûndersykssjoernaliste. De stichting LF 2018 yn Fryslân hat ôfstân naam fan de kollega's op Malta. Deputearre Poepjes wol graach mei de minister oer de saak prate. Se sil mei it ministearje fan Ynlânske Saken kontakt ha om dochs mei de Maltezer minister om tafel te kommen.

(advertinsje)