Hiel âlde bewenning fûn yn polder by Leons

20 jun 2018 - 12:18

Yn de Lionserpolder, tusken Leons, Baard en Jorwert hawwe mear as 2000 jier lyn al minsken wenne. Dat docht bliken út archeologysk ûndersyk fan de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed (RCE). Dêrby binne de resten fan in hûs fûn.

De útkomst is bysûnder, oare fynsten fan sokke hûzen út de lette Izertiid binne hast altyd op in terp en dy is der net yn dizze polder. De polder is fan Natuurmonumenten. Meiwurkers dêrfan hawwe earder op twa plakken skerven fan diggelguod fûn. Dat wie de oanlieding foar it ûndersyk.

De archeologen hawwe gjin opgravings dien, mar har konklúzjes lutsen út 26 boarringen. Yn de boarmeunsters sieten stikjes diggelguod, skerven, resten fan bonken en houtskoal. It plak is yn de iuwen dêrnei troch oerstreamingen ôfdutsen mei seeklaai.

Foto: Natuurmonumenten

"We zijn heel blij met deze vondst, want de vindplaatsen tot nu toe zijn vooral van terpen. We weten maar weinig van het landschap rondom de terpen en het gebruik daarvan in de IJzertijd. Het is bijzonder dat niet alleen de vindplaats bewaard gebleven is, maar hoogstwaarschijnlijk ook het landschap uit die tijd," leit Rik Feiken, ûndersiker fan de RCE út.

De RCE pleitet foar in grutter part fan it gebiet te ûndersykjen nei spoaren út de lette Izertiid en de Romeinske tiid.

Foto: Natuurmonumenten

Alje Zandt fan Natuurmonumenten

Foto: Natuurmonumenten
Trefwurden: 
polder Leons izertiid
(advertinsje)