Twa Fryske skroathannelers oppakt om radio-aktyf skroat

Twa Fryske hannelers yn skroat binne oppakt omdat se minsken mei opsetsin bleatsteld hawwe oan radio-aktive strieling. Ek twa hannelers út Súdeast-Drinte en Oerisel binne de ôfrûne wike oanholden. De fjouwer manlju wurde ek fertocht fan it te keap oanbieden fan 25 ton radio-aktive metalen ballêstblokken.
© plysje
Anne van der Meer fan de plysje
De plysje kaam de manlju op it spoar nei in melding fan in Fryske skroathanneler. Dy warskôge de autoriteiten nei't deteksjepoartsjes op it bedriuw alarm sloegen omdat in partij skroat mei radio-aktive stoffen foarbykaam. It radio-aktive skroat komt nei alle gedachten út it rom fan sloopt skip. De plysje hat de hiele partij achterhelle. It materiaal kin skealik foar de sûnens wurde as je der langere tiid oan bleatsteld wurde. Fan de fjouwer fertochten is yntusken de man út Oerisel frijlitten, de oare trije sitte noch fêst.
It ôffieren fan radio-aktyf ôffal kostet in protte jild. De plysje tinkt dat de fertochten op in goedkeapere wize fan it materiaal ôf woene en it dêrom tusken oar ôffal ferstoppe ha.