Plysje warskôget foar ynslûpers yn Súdeast-Fryslân

20 jun 2018 - 11:49

De plysje yn Súdeast-Fryslân warskôget bewenners fan it bûtengebiet foar manlju dy't harren útjouwe foar opkeapers fan âld izer. By de plysje binne meardere meldingen binnenkaam fan manlju dy't sûnder reden it hiem opkomme. As se oansprutsen wurde, sizze se dat se âld izer keapje wolle.

Neffens de plysje is dit in bekende wurkwize fan ynslûpers mei in foarkar foar pleatsen en frijsteande wenningen. De manlju ride yn in wite Citroën Berlingo en in reade Mercedes. Wa't se sjocht, wurdt fersocht it kenteken op te skriuwen en mei 112 te beljen.

(advertinsje)