Minke van der Ploeg ferstoarn

26 jun 2012 - 15:45

It eardere CDA-Twadde Keamerlid Minke van der Ploeg-Posthumus is ferstoarn. Minke van der Ploeg, berne yn Westhim, siet fan 1991 oant 1994 yn de Twadde Keamer. Dêrfoar wie se lid fan provinsjale steaten en siet se yn de gemeenteried fan Ljouwert.

Van der Ploeg-Posthumus wie ôfkomstich út de frouljusorganisaasje fan it CDA. Yn 1994 kaam se op in ûnferkiesber plak foar har partij, se krige doe wol in protte foarkarstimmen mar it wiene der net genôch foar in sit. Minke van der Ploeg is 76 jier wurden.

(advertinsje)