Bêd&Brochje yn De Fochtel tred by lanlike ferkiezing

20 jun 2018 - 10:31

Fryske bêd en brochjes dogge it lanlik sjoen aardich. Yn it lanlike klassifikaasjesysteem fan de Stichting Bed & Breakfast Nederland is Buitengoed Op de Knolle yn De Fochtel op it tredde plak einige.

De bêste bêd en brochjes krigen 5 Tulpen. Yn dy kategory wûn La Marquise yn it Brabânske Budel, Villa Nieuwland yn Den Oever waard twadde en Op de Knolle dus tredde. Yn de kategory dy't 1 Tulp krige steane twa Fryske B&B's: Huize Sonja yn Hollum op it twadde plak en Motorschip Elisabeth yn Ljouwert as tredde.

Foar de ferkiezing binne mear as 500 B&B's beoardiele troch in mystery guest.

(advertinsje)