TPE-rubber as ferfanging op keunstgersfjilden Ljouwert

De gemeente Ljouwert kiest foar TPE-rubber as ferfanging fan âlde keunstgersfjilden. It besteande rubbergranulaat (kerrels fan autobannerubber) late op twa sportfjilden ta lekkaazje fan it metaal sink. Dat hie in lichte foarm fan fersmoarging ta gefolch, dy't net giftich is. Koark is in oare opsje, mar net winske, om't it befrieze en ferwaaie kin en boppedat ferkrommelet it.
De twa fjilden, Kealledykje en Nijlânsdyk, moatte sanearre wurde. Dêr wurdt dus no keazen foar TPE-rubber, dat feilich is, om't it ek oan de noarm fan berneboartersguod foldocht. Sa wurde der bygelyks rubber badeintsjes fan makke. Nei de sanearing fan de twa fjilden sjocht de gemeente nei oare fjilden oft it materiaal dêr ek brûkt wurde kin.
Wethâlder Hilde Tjeerdema