Nachtlike fjochtpartijen op it Ruterskertier yn Ljouwert

Geweld © Shutterstock.com
De plysje moast tiisdeitenacht yn aksje komme op it Ruterskertier yn Ljouwert. Tsjin healwei trijen bruts der yn in kafee in fjochtpartij út tusken twa groepen. Beide groepen wiene neffens de plysje swier ûnder ynfloed fan drank. Om dy reden waarden de groepen nei hûs stjoerd en waard der net direkt oanjefte dien. Wol krige in 25-jierrige ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân in proses-ferbaal fanwege iepenbier dronkenskip.
Even letter giene twa belutsenen by de fjochtpartij opnij mei elkoar op 'e fûst. Ien fan har, in 22-jierrige Ljouwerter, krige dêrop fan de plysje in proses-ferbaal foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder.