Bou fan 55 huzen yn Appelskea kin trochgean

De plannen foar de bou fan 55 huzen op it terrein fan it eardere Miniatuerpark yn Appelskea kinne trochgean. In mearderheid yn de gemeenteried fan Eaststellingwerf gie tiisdeitejûn akkoart mei de plannen. Earder woene de measte fraksjes de plannen noch in jier útstelle. De minsken op de folle publike tribune wiene dan ek ferbjustere. Want neffens neffens Marcel Moes fan StellingwerfPlus en ynsprekker Johan Hoeksma is der yn it doarp gjin draachflak foar de plannen.
Wurkje op de bou © Shutterstock.com
De tsjinstanners binne benammen bang dat rekreative aktiviteiten tenei net langer kinne, as der ien kear huzen stean. Se setten dan ek fraachtekens by de faasje dy't it kolleezje mei de plannen hat. It kolleezje soe bang wêze foar skeakleems fan de projektûntwikkeler, sa waard suggerearre. Wethâlder Jongsma joech ta dat der ferwachtingen opwekke binne, mar neffens de kolleezjepartijen is de besteande situaasje op it fertutearze terrein ek gefaarlik.