Van Starkenborghkanaal krijt gjin fangrail op it plak dêr't Friezinne ferdronk

20 jun 2018 - 08:01

Der komt gjin fiif kilometer lange fangrail lâns it Van Starkenborghkanaal by Gaarkeuken. Dat hat de gemeenterie fan Grootegast tiisdei besletten, skriuwt RTV Noord. Yn desimber kaam in frou fan 59 út Bûtenpost om it libben, doe't se mei har auto yn it kanaal bedarre en ferdronk. Neffens de gemeenteried is in fangrail net de oplossing om ferdrinkingsûngelokken foar te kommen.

It kanaal tusken Strobos en Grypstsjerk - Foto: Google Streetview

It ûngelok mei de Friezinne wie net it earste ûngelok by it kanaal. Reden foar in lokaal riedslid om mei it plan foar in fangrail te kommen. Mar neffens ferkearssaakkundigen soarget sa'n fangrail foar skynfeiligens, omdat it automobilisten útnûget om hurder te riden. Ut ûndersyk blykt dat op dit stuit al tachtich prosint fan de automobilisten hurder rydt as de tachtich kilometer dy't op de dyk tastien is. Boppedat soene auto's nei in botsing mei de fangrail de dyk op stuiterje kinne en dêr in tsjinlizzer reitsje kinne.

Gemeenteried wol oare maatregels

In mearderheid fan de gemeenteried gie mei yn de arguminten fan de ferkearsdeskundigen. Wol fynt in oantal partijen dat der sjoen wurde moat nei it ferleegjen fan de maksimumsnelheid op de dyk, dy't mar in meter fan it kanaal ôfleit. Boppedat wolle se dat de belijning de dyk optysk smeller makket en dat de glêdensbestriding ferbettere wurdt. De ferantwurdlik wethâlder sil mei dizze foarstellen oan de slach. Hy is al yn oerlis mei Rykswettersteat oer it pleatsen fan treppen yn it wetter.

It riedslid is teloarsteld: "We hadden in een klap de weg een stuk veiliger kunnen maken. Helaas gaan de andere partijen daar niet in mee", sa seit er tsjin RTV Noord. Hy lit it der net by sitte en sil de fangrail opnij ynbringe by de gemeente Westerkwartier, dêr't Grootegast meikoarten yn op giet.

(advertinsje)