Gemeenteried Hearrenfean hat noed oer wenningmerk

20 jun 2018 - 07:20

De wenningmerk yn de gemeente It Hearrenfean wurdt hieltyd krapper. Ferskate politike partijen yn de gemeenteried konstatearje dat der lange wachttiden binne foar hierwenningen. Se roppe it kolleezje fan boargemaster en wethâlders no op om dernei te sjen en om nei te tinken oer oplossingen.

It gemeentehûs fan Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens de partijen binne kwetsbere minsken, en minsken mei sosjale problemen, no faak oanwiisd op djoere keamerhier. Dizze keamers soene faak net geskikt wêze en net genôch komfort foar de minsken hawwe. Dêrnjonken soe ûnderhier en partikuliere hier hieltyd faker soargje foar oerlêst.

De gemeenteried freget it kolleezje unanym, mei in moasje, om sa gau as mooglik mei in plan te kommen foar takomstich belied.

VVD-riedslid Goffe Walsweer

(advertinsje)