Wolf sinjalearre yn 'e greide by Bûtenpost?
Yn 'e greide tusken Bûtenpost en Lytsewâld is tiisdei nei alle gedachten in wolf sjoen. Op Facebook pleatste Bert Zijlstra ferskate foto's fan in mooglike wolf, dy't yn 'e greide omdraafde. Neffens Zijlstra rûn it bist fierder yn noardlike rjochting, nei Kollumerpomp en Kollum.
De ôfrûne moannen waard yn Fryslân meardere kearen in wolf sinjalearre.