Hoe kin de regio Noardeast-Fryslân fitaler wurde?

19 jun 2018 - 21:17

Hoe kinne beliedsmakkers de regio Noardeast-Fryslân fitaler meitsje? Troch de klam te lizzen op rekreative/toeristyske sektor, sa is de oanbefelling fan de ûndersikers fan de Fryske Akademy en de provinsje yn de Economische Vitaliteitsscan Noordoost-Fryslân 2018.

Jelle Boerema, Johannes Kramer en ûndersiker Marijn Molema mei de Vitaliteitsscan - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Dy waard tiisdei presintearre. Dêr stiet fierder yn dat streekmerken belangryk binne en strategysk brûkt wurde moatte. Streekmerken binne bysûndere plakken yn de regio. Njonken Dokkum binne dat de nasjonale parken De Alde Feanen en De Lauwersmar, en nasjonaal lânskip de Noardlike Fryske Wâlden en de Waadkust. Oarderje de organisaasjes en inisjativen dy't dwaande binne op basis fan dy streekmerken, is ek in oanbefelling oan de lokale oerheid.

Streekmerken oanpriizgje

Toerisme is in groeiende sektor yn Noardeast-Fryslân, mar it kin wol better. Der moat in mienskiplike rekreaasjefyzje ûntwikkele wurde. As foarbyld neamt Jelle Boerema, foarsitter fan de stjoergroep fan seis gemeentes, dat beliedsmakkers al tritich jier sykje nei hoe't it moat mei it Lauwersmargebiet. No is de tiid om minsken en jild yn te setten en moatte se de rezjy yn hannen nimme.

Provinsjaal belied foar nasjonale parken en lânskippen moat steviger. De Stichting Regiomarketing Toerisme Noordoost-Friesland (RMT) moat de streekmerken oanpriizgje en de gasthearfunksje ferfolje.

We mogen ook wel eens "grutsk' zijn op de streek, maar dat is ons niet echt eigen.

Foarsitter Jelle Boerema fan de stjoergroep regiomarketing

It etiket krimpregio wurket net mei. Leaver sjogge bestjoerders it as in kânseregio. Guon saken gean goed. Troch de Sintrale As is de fraach nei bedriuweterreinen yn Dokkum tanommen. Musea yn de regio hawwe de tichtste besikersbesetting fan lytse musea yn Nederlân. It tal wurksykjenden is yn 2017 mei mar leafst 33 persint ôfnommen. Mar om't der sûnt de krisis 3.000 banen ferlern gien binne, is de wurkgelegenheid noch net op peil.

"Noardeast-Fryslân heeft in boel te bieden, maar we mogen ook wel eens 'grutsk' zijn op de streek en dat is ons niet echt eigen", fynt Jelle Boerema. Ek is de krimp relatyf. Guon kearnen as Burgum, Bûtenpost en Kollum groeie.

Miljoenen beskikber

De provinsje kin syn foardiel dwaan mei de Vitaliteitsscan. Lykas by in eardere Regiodeal tusken it Ryk, provinsje en gemeente, lizze der aanst by de nije Regiodeal ek wer miljoenen klear om de regio te ûntwikkeljen. Fan de komst fan in ekstra sneltrein nei Grins en de oanpak fan de Skieding, de dyk fan Drachten rjochting Bûtenpost, kinne doarpen in soad foardiel hawwe.

De kommende tiid wurde omjouwingsfyzjes makke op lokaal en provinsjaal nivo. Dêr moatte sektoaren lykas de bou, metaal en agrifood in wichtich plak yn krije, sa sizze de ûndersikers fan de Vitaliteitsscan. De scan ferskynde yn 2016 en 2017 ek al.

(advertinsje)
(advertinsje)