Boukampus Noardeast-Fryslân komt yn Dokkum

19 jun 2018 - 20:53

Der komt in boukampus yn de âlde klimhal fan Dokkum. Der wienen al plannen, mar de finansiering is no ek rûn. De kampus rjochtet him op it ûntwikkeljen fan nije produkten en tsjinsten op it mêd fan yndustrieel- en gasleas bouwe.

By de nije wize fan bouwen wurde bygelyks drones brûkt. - Foto: Omrop Fryslân

Begjin dit jier is der yn Noardeast-Fryslân al in ynnovaasjekluster oprjochte mei tal fan bedriuwen út de regio. Allinne al yn Fryslân moatte 290.000 wenningen fan it gas ôf. De kampus moat in briedplak wurde foar ûndernimmers út Noard-Nederlân. Der sil ek struktureel plak komme foar sa'n tsien oant fyftjin studinten om ûnderfining op te dwaan yn de praktyk.

Ein dit jier klear

De ferwachting is dat de boukampus ein fan dit jier fan start giet. De realisaasje sil sa tusken de 600.000 en de 700.000 euro kostje en mei de ekploitaazjekosten foar fjouwer jier komt it gehiel út op sa'n oardel miljoen euro. De boukampus is in inisjatyf fan it Kennis- en Innovatiehuis Noordoost-Fryslân.

Martin van der Veen fan it kennissintrum

Trefwurden: 
Dokkum boukampus ynnovaasje
(advertinsje)
(advertinsje)