'Escher in het graan', keunstwurken op It Bilt

Sûnt koart dûke der yn de greiden fan It Bilt tige grutte figueren op: saneamde nôtsirkels. Mar wês net benaud, it is net it wurk fan 'aliens'. Keunstners hawwe acht grutte tekeningen yn it nôt makke, as oade oan it Biltske lânskip en Escher.
Escher yn it graan
Keunstner Henk Rusman wennet al jierren op It Bilt en is de inisjatyfnimmer fan it projekt 'Escher in het graan'. Hy hat seis oare keunstners út Fryslân en dêr bûten frege om hjir oan mei te dwaan. Sy hawwe sels de ûntwerpen foar it nôt makke, mei it wurk fan Escher as ynspiraasje.
Dit is de mooiste tijd van het jaar. Met al die groentinten op de akkers en het graan dat door de wind staat te wuiven en mij als het ware uitnodigt daar wat mee te doen.
Keunstner Henk Rusman
Dy sirkels, dêr moatte je flink foar stampe. Mei touwen en pealtsjes wurde de figueren útset en mei in planke oan twa touwen platdrukt. It is noch betiid yn it jier, dus it nôt is noch taai. Guon keunstners hawwe derfoar keazen om dêrom it nôt te meanen. It wurk wurdt troch de keunstners en frijwilligers dien.
© Omrop Fryslân
Der binne twa nôttekeningen dy't net goed te sjen binne fan de Alde of de Nije Biltdyk ôf. Se lizze tusken de diken op de wei fan Sint-Anne nei Nij Altena. Mar dêr komt in oplossing foar. Op in betonpaad by it nôt komt in reuzerêd te stean. Minsken kinne dêr in kaartsje foar keapje om fanút dêr de projekten te sjen en it Biltske lânskip.
De bovenlaag van het graan is licht en waar je het plat trapt wordt het donker. Zo ontstaan er verschillende tinten in het graan en hoe dat met elkaar werkt is erg verrassend.
Keunstner Rinus Roelofs
Op trije oare plakken op 'e Alde Biltdyk kinne dronebylden besjoen wurde, sadat minsken in totaalbyld krije fan alle tekeningen.
© Omrop Fryslân
Planeet Escher fan it Fries Museum en Sense op Place meitsje 'Escher in het graan' mooglik. De keunstwurken binne yn de Bildtse Aardappelweken fan 21 juny ôf te sjen foar besikers. Leafhawwers fan it reuzerêd kinne dêr fan 29 juny ôf tsien dagen fan genietsje.