Iepenbier Ministearje wol dat Ljouwerter stel 15 miljoen euro betellet

In 52-jierrige Ljouwerter en syn 55-jierrige frou moatte, as it oan it Iepenbier Ministearje leit, 15 miljoen euro werombetelje. De twa binne ferline jier maaie feroardiele foar harren belutsenheid by de wytwasksaak Arville. De man krige dêrby 12 jier sel oplein; de frou moast twa jier de finzenis yn. De saak kaam tiisdei foar de Noardlike fraudekeamer yn Assen.
Justysje © Shutterstock.com
De wytwasksaak kaam yn maaie 2014 yn it nijs doe't ferskate ynstânsjes ynfallen dienen yn huzen yn Ljouwert, Assen en Gasteren. It stel wenne doe yn in lúkse filla yn Ljouwert, en foel op by de ynstânsjes troch harren opfallende libbensstyl. Ek hienen se trije miljoen euro ferstoppe yn ferskate klûzen ûnder de grûn fan huzen fan freonen en famylje.

Jild wytwaskje

De Ljouwerter hat tajûn dat er swart jild wytwosken hat, mar seit neat te krijen te hawwen mei kokaïnehannel, sa't it Iepenbier Ministearje stelt. By de behanneling fan de rjochtsaak yn Assen sei hy dat er hannele yn faluta. "Mensen kwamen bij mij met Noorse kronen of Engelse ponden en ruilden die om voor euro's. Ik kreeg een provisie van vier procent", sei er tsjin de rjochters.
De advokaten fan it stel fine it bedrach fan 15 miljoen fierstentefolle. Dat moat drastysk nei ûnderen ta bysteld wurde, sa seinen se by de behanneling. De rjochtbank docht yn septimber útspraak.