Denzel Dumfries fan SC Hearrenfean nei PSV

It hong al in skoft yn de loft, en no is it dochs safier: Denzel Dumfries ferhuzet fan SC Hearrenfean nei PSV. De 22-jierrige ferdigener hat tiisdei syn hanteken ûnder in fiifjierrich kontrakt set. Dumfries is tankber foar it jier dat er by de Feansters spile. ''SC Heerenveen is voor mij de juiste keuze gebleken om mezelf als speler verder te ontwikkelen. Ik heb hier een fantastische tijd gehad en zal deze periode nooit vergeten.''
Denzel Dumfries kaam yn 'e simmer fan 2017 oer fan Sparta Rotterdam en waard fuortendaliks ferkeazen ta spiler fan it jier. Hy skoarde fiif kear en makke yn totaal acht assists.