FIDEO: Rugbyteam triuwt ambulânse út it sân op It Amelân

In rugbyteam út Haarlem hat dizze wike in ambulânse út it sân op It Amelân befrijd. De ambulânse moast op it strân wêze, mar koe dêrnei net mear fuortkomme, sa meldt NH Nieuws. Neffens de sjauffeur wie it sân troch it hege wetter sa sêft, dat de ambulânse fan goed 3.500 kilo fuortsakke wie. Mei in flink oantal rugbyspilers slagge it dochs noch de ambulânse út it sân te triuwen.
Mark Hoedeman fan it rugbyteam