Wettertaappunt yn Ljouwert

04 nov 2011 - 12:43

Ljouwert moat in plak krije om fergees in fleske wetter te foljen. Dat fine PAL GrienLinks en de SP yn de gemeenteried. De partijen tinke dat dit past by it imago fan Ljouwert as stêd fan wettertechnology. Ek komt der minder ôffal, as minsken net hieltyd nije plestik fleskes keapje.

Yn Grins en Utrecht binne koartlyn al iepenbiere wetterkranen delset. In iepenbiere kraan kostet 2500 euro. Moandei wurdt it foarstel ynbrocht by de begruttingsbehanneling.

(advertinsje)