De Innovation Games sykje nei it bêste sirkulêre idee fan Fryslân

19 jun 2018 - 17:35

In wike lang de striid oangean om it meast ynnovative idee te betinken, dat is yn it koart de bedoeling fan de Innovation Games. De wedstriid wurdt dizze wike hâlden yn Fryslân. Yn totaal dogge der 22 minsken mei, dy't ûnderferdield binne yn fjouwer teams. Sy moatte mei-inoar stride om it meast duorsume konsept te betinken. En dit konsept moat ek nochris de mienskip ferbetterje.

Foto: STUDIO.WHY

De dielnimmers wurkje fiif dagen lang as in soart fan startup oan harren idee. Sa hawwe se tiisdei de provinsje yn west om ûnderfiningen op te dwaan. Guon moasten nei in basisskoalle ta om in workshop te jaan, en oaren kamen by Fryske ûndernimmers oer de flier.

Earder waard de wedstriid al hâlden yn Tilburg en Gelderlân. De ideeën binne foar in grut ferskaat oan opdrachtjouwers, en op de oare plakken binne guon plannen ek wier oppakt troch de ynstânsjes. No freed moat de winner útkeazen wurde, dizze mei tûzen euro mei nei hûs ta nimme.

Trefwurden: 
Innovation Games duorsum
(advertinsje)