D66: Wannear praat deputearre Poepjes mei Malteeske minister?

19 jun 2018 - 16:44

De steatefraksje fan D66 wol witte wannear't deputearre Poepjes praat mei de Malteeske minister fan Kultuer. Dat petear soe gean moatte oer de denigrearjende útspraken fan de foarsitter fan Valletta 2018, oer de fermoarde ûndersykssjoernaliste Daphne Caruana Galizia. Valletta is dit jier ek Kulturele Haadstêd fan Europa.

Sietske Poepjes - Foto: Omrop Fryslân

De sjoernaliste die ûndersyk nei korrupsje en kaam om it libben troch in autobom. De direkteur fan Valletta 2018 die denigrearjend oer har. Dat foel ferkeard yn Fryslân, dit jier ek Kulturele Haadstêd. Dat ferbruts de bestjoerlike bannen mei de kollega's op Malta.

Noch net bard

Deputearre Poepjes hie tasein dat se mei de minister fan Kultuer fan Malta prate soe oer de kwestje, mar dat is oant no ta noch net bard. D66 wol witte wêrom net. Neffens de partij ropt it de fraach op oft de deputearre wol echt stiet foar de opstelling fan de stichting LF2018, en oft se in petear mei de kultuerminister wichtich fynt.

D66 stelt de kwestje woansdei oan 'e oarder by de gearkomste fan Provinsjale Steaten.

(advertinsje)