Bestjoerskrisis by SC Frjentsjer oer sneons- en sneinsfuotbal

By SC Frjentsjer is in bestjoerskrisis ûntstien. Twa bestjoersleden fan de amateurfuotbalklup binne opstapt. De foarsitter fan it jeugdbestjoer Oscar Elsinga en bestjoerslid Ynke Luinenburg fan de senioaren op sneon stapten op, omdat se fine dat der net goed omgien wurdt mei de sneonsôfdieling.
Fuotbal © Shutterstock.com
It bestjoer, dat der noch mar in jier sit, hat fan alle ôfdielingen leden, mar by de ôffurdiging fan de sneonsôfdieling en de jeugd is der argewaasje oer de hâlding fan guon oare bestjoersleden. Dy soene mear ynsette op de sneinsôfdieling.

Byienkomst

It foarige bestjoer woe ophâlde mei it sneinsfuotbal, mar troch de ynset fan in oantal sponsoaren bleau dat dochs bestean. Der kaam in nij bestjoer mei it doel op langere termyn hjiroer te besluten. No liket it der dochs op dat der grutte twaspjalt is. In tal leden hat oanjûn him net te finen yn de koers fan de klup en hat foar kommende tongersdei in byienkomst belein.
It bestjoer fan SC Frjentsjer wol no noch neat sizze oer de saak. Se wachtsje de byienkomst ôf.