Lutz Jacobi wurdt foarsitter fan it Jopie Huismanmuseum

Direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening wurdt mei yngong fan 1 jannewaris de nije foarsitter fan it Jopie Huismanmuseum yn Warkum. Se folget Fokke Martini op, dy't dan fiif jier foarsitter west hat.
Lutz Jacobi © Omrop Fryslân

Fereare

"Ik fiel my fereare dat ik de kommende jierren in stientsje bydrage kin oan dit moaie museum", seit Lutz Jacobi.
It Jopie Huismanmuseum hat as doel om it wurk en de manier fan tinken fan Jopie Huisman út te dragen nei in grut publyk. It museum bestiet al 32 jier en lûkt jierliks sa'n 40.000 besikers. De measten dêrfan komme fan bûten de provinsje.