Minder ynbraken yn Harns fanwegen WhatsAppgroepen

19 jun 2018 - 15:47

Yn Harns wurdt folle minder ynbrutsen sûnt ynwenners oan buertprevinsje dogge fia WhatsApp. Dat seit de gemeente.

De tûzenste dielnimmer wurdt yn it sintsje set. - Foto: Gemeente Harns

Der binne op dit stuit achttjin WhatsAppgroepen aktyf yn Harns. Dielnimmers fan fiif groepen surveillearje dêrnjonken ek yn har eigen buert. Se besjogge oft der ûnfeilige situaasjes binne. Se komme bygelyks yn aksje as se minsken sjogge dy't har opfallend gedrage of by fertochte situaasjes.

Noch fjouwer wiken

Omdat it fertuten docht, besykje de gemeente en de plysje nochris fjouwer wiken te belûken by dizze wize fan buertprevinsje. It úteinlike doel is om yn de folsleine gemeente WhatsAppgroepen te hawwen, wêrfan't de leden har eigen buert feilich besykje te hâlden.

Tûzenste dielnimmer

De gemeente Harns hat moandei de tûzenste dielnimmer oan sa'n WhatsAppgroep yn it sintsje set. Frou Neijsen krige in bosk blommen. Dêrmei eare de gemeente symboalysk de grutte groep frijwilligers dy't al jierren helpt om de feiligens yn de wiken te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Harns buertprevinsje WhatsApp
(advertinsje)
(advertinsje)