Sinnepark Burgum iepenet freed, mei 'proefpanielen' yn it wetter

By de Sintrale by Burgum wurdt kommende freed in sinnepark iepene. It park hat mear as 18.000 panielen en kin yn ien kear foarsjen yn de elektrisiteitsfoarsjenning fan 1.500 húshâldens yn Burgum.
Fan de panielen stean der 144 as proef op in driuwend ponton yn it wetter by de Sintrale. Om it effekt fan de opstelling goed fergelykje te kinnen, stean op it lân ek 144 panielen yn deselde opstelling.