Fraksjes Dantumadiel wolle fertutearzing swimbad De Frosk keare

19 jun 2018 - 15:23

De oerlêst by it eardere swimbad De Frosk op De Westereen moat gau ophâlde. Dat sizze de fraksjes fan CDA, FNP en VVD fan de gemeente Dantumadiel. Fandalen hawwe parten fan it leechsteande gebou sloopt en fierdere fertutearzing driget, sa sizze de fraksjes. Se wolle fan it gemeentebestjoer witte wat der dien wurde sil om dit te kearen.

Neffens de fraksjes is der troch bewenners al meardere kearen oan de bel lutsen. De minsken fiele harren ûnfeilich troch de 'rotte plak' yn it doarp.

(advertinsje)