SC Cambuur dielt soargen supporters oer nij stadion

19 jun 2018 - 15:19

SC Cambuur dielt de soargen dy't de supporters hawwe oer it nije stadion. Woansdeitejûn sille Ljouwerter fans by it stedhûs komme om harren soargen oan de polityk kenber te meitsjen. Cambuurdirekteur Gerald van den Belt begrypt harren ûnrêst.

Ympresje fan it nije Cambuurstadion - Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Binnen no en in lytse twa wiken moat der dúdlikens komme oer it nije stadion fan Cambuur by it WTC-kompleks. Opliedingssintrum ROC Friese Poort, ferantwurdlik foar de hier fan 7.500 kante meter yn it nije stadion, wol foar 1 july witte wêr't it oan ta is. Oars dan lûkt it him werom út de plannen en sitte de ûntwikkelers mei in grut probleem.

Je voelt aan alles dat de spanning toeneemt.

SC Cambuurdirekteur Gerald van den Belt

De tiid begjint te driuwen dus. "Je voelt aan alles dat de spanning toeneemt", sa seit Van den Belt, dy't by Cambuur it nije stadion yn syn portefúlje hat. "Het voelt vervelend. We delen de zorgen van de supporters. Bij het stadion krijgen we ook veel mensen aan de balie, die zich er zorgen over maken."

Foto: www.dijksfotografie.nl

Oerlis

Supportersferiening Kern van Cambuur sil tiisdei om tafel mei in oare supportersferiening, Cambuur Culture. "We hebben ons heel lang op de achtergrond gehouden, maar we moeten nu aan de bel trekken", fertelt foarsitter Kees Elzinga fan de Kern van Cambuur. Yn it oerlis sille se beprate hokker aksjes de supportersklups noch mear ûndernimme sille. Mooglik dat der ek in brief oer de kwestje opsteld wurde sil.

(advertinsje)