FIDEO: Fûgeltsjes yn houtwâlen ynventarisearje mei de earen

19 jun 2018 - 14:52

Gerrit Tuinstra fan Landschapsbeheer Friesland ynventarisearret sûnt twa jier de fûgels op soart en oantal, dy't yn de houtwâlen fan Súdeast-Fryslân foarkomme. Bysûnder is, dat hy dit docht op gehoar. Der wurdt hurd wurke om mear frijwilligers op te lieden, sadat se fûgels op lûd allinnich al thúsbringe kinne. Tuinstra hat yn 2018 al tweintich minsken in kursus jûn.

Fan sokke frijwilligers is in soad ferlet yn bygelyks Súdeast-Fryslân. Dêr moatte de houtwâlen op fûgels yn kaart brocht wurde by boeren, dy't betelle wurde foar it behâld fan dy houtwâlen. De fûgels dy't dêr sitte binne relatyf lyts, en dreech te sjen. Dêrom moatte je se hearre.

(advertinsje)