Alwer in nije spiler by SC Hearrenfean: Sherel Floranus

Fleugelferdigener Sherel Floranus hat in kontrakt foar trije jier tekene by SC Hearrenfean. Dat hat de fuotbalklup tiisdei bekend makke. De 19-jierrige Floranus komt oer fan Sparta Rotterdam en is foar Hearrenfean, nei Sam Lammers, de twadde fersterking yn twa dagen. Floranus ferfangt Denzel Dumfries, dy't nei PSV giet.
Sherel Floranus tekenet foar trije jier by SC Hearrenfean © Martin de Jong
Technysk manager Gerry Hamstra is bliid is mei de komst fan Floranus. "Sherel is een sterke vleugelverdediger, die ondanks zijn jonge leeftijd al veel ervaring heeft op het hoogste niveau. Het is een speler die op meerdere posities uit de voeten kan, maar wij zien hem vooral voor de rechterkant."
Sherel Floranus
Floranus komt út de eigen jeugd fan Sparta en spile yn totaal 69 wedstriden foar de Rotterdamske klup. Op syn 16e makke hy syn debút foar de Spartanen. Mei de transfer soe in heal miljoen euro muoid wêze. "Toen we vorig jaar Denzel bij Sparta ophaalden, zeiden we dat ze de vervanger met Floranus al klaar hadden staan. Misschien komen we in de toekomst daar nog wel eens voor terug, zeiden we toen", sa seit Gerry Hamstra.
Gerry Hamstra © Omrop Fryslân
Denzel Dumfries sil nei ien seizoen SC Hearrenfean wer ferlitte. De rjochterferdigener hat in suksesfol seizoen achter de rêch en makket de oerstap nei PSV. "Denzel was hier nog niet uitgeleerd, maar soms loopt het zo, dan krijg je een kans en ga je ervoor." SC Hearrenfean krijt sa'n 5,5 miljoen euro foar Dumfries. "Financieel gezien hebben we dat hartstikke goed gedaan, maar sportief gezien hadden we hem graag gehouden", sa seit Hamstra.
Gerry Hamstra