Unnedige telefoantsjes soargje foar drokte by Dokterswacht

De druk op de Dokterswacht Fryslân nimt ta. Dit komt om't hieltyd mear minsken nei de helpferlieningsynstânsje belje, ek as it net driuwend is. It oantal telefoantsjes is begjin fan dit jier mei 5 prosint tanaam yn fergeliking mei in jier earder. Boppedat hat de Dokterswacht te min minsken. Der is grut ferlet fan doktersassistinten foar de nacht- en wykeintsjinsten.
Ferbân lizze om de ankel © Shutterstock.com
De Dokterswacht ûnderskriuwt in manifest fan húsdokters yn Noard-Hollân, dy't oandacht freegje foar de tanimmende druk. Dêr stiet tsjinoer dat de Dokterswacht grutsk is op de goede ynfrastruktuer fan de organisaasje yn Fryslân. Yn ús sprovinsje binne fiif Dokterswachtposten by de sikehuzen en der is in sintraal sintrum op It Hearrenfean.
Om de posten te behâlden wurket de Dokterswacht gear mei de Fryske sikehuzen, soarchfersekerder De Friesland, GGZ Fryslân, ferpleech- en fersoargingshuzen en thússoarchorganisaasjes.