Waadeilannen wolle gjin gasboarringen mear

19 jun 2018 - 11:21

De fiif Waadeilannen wolle dat minister Wiebes de gasboarringen yn de Waadsee rap ôfbout. Dat skriuwe se yn in brief oan de minister. Wiebes giet yn syn plannen út fan in stadige ôfbou, wêrby't gas wûn wurdt salang as it nedich is. Dizze wurkwize betsjut yn de praktyk dat der mear gas wûn wurdt om de ôfbou fan de gaswinning yn Grinslân op te fangen. Dêrmei nimt de druk op de Waad- en Noardsee allinnich mar ta.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De bestjoerders fan de fiif Waadeilannen sizze yn 'e brief dat se dat gjin goed plan fine en dat se de fyzje fan de minister net begripe, om't dy de unike kenmerken fan de Waadeilannen bedriget. De rêst en romte fan de eilannen, de status fan wrâlderfgoed, Natura 2000-gebiet en de Nasjonale Parken Teksel en Skiermûntseach binne net te kombinearjen mei de gasboarringen. De minister moat dêrom kieze yn it belang fan de takomst fan it Waadgebiet.

(advertinsje)