Stichting Leergeld stipet 1800 mear bern

19 jun 2018 - 11:19

De fjouwer Fryske Leergeldstichtingen hawwe it ôfrûne jier hast 7.000 bern holpen. Dat binne der 1.800 mear as yn it jier derfoar. Dat is neffens de stichtingen mei te tankjen oan de temawike by Omrop Fryslân, in jier lyn. Troch dy aksje is de bekendheid tanaam en witte minsken Stichting Leergeld better te finen.

De organisaasje soarget derfoar dat bern tusken 4 en 17 jier út húshâldingen mei in leech ynkommen meidwaan kinne oan aktiviteiten mei leeftiidsgenoaten. It giet bygelyks om in skoalreiske, swimles, sportaktiviteiten en muzykles. Fia www.kindpakket.nl kinne minsken de fergoedingen oanfreegje. Stichting Leergeld wurket gear mei de Fryske gemeenten.

(advertinsje)